Wat jo witte moatte oer it FriesArchiefNet

Wat is it FriesArchiefNet

In soad minsken witte net daliks wêr't guon argiven te finen binne en hokker ynformaasje dêryn te finen is. It FriesArchiefNet wol hjir wat oan dwaan, troch de ynformaasje oer Fryske argiven op tagonklike wize op it ynternet te presintearjen. Wy hoopje dat dizze webside jo ynsjoch jout yn 'e Fryske argyfwrâld en jo stimuleare sil argiven te besykjen en der ûndersyk yn te dwaan.

Hokker ynformaasje kinne jo op it FriesArchiefNet fine

Op de webside steane titels en tagongen (ynventarissen) fan de bewarre argiven. De ynventarissen binne feitlik ynhâldsopjeften fan de argiven. Sa kinne jo sjen hokker argyfstikken der bewarre wurde. Om dy stikken echt yn te sjen, moatte jo foarearst nei de oanbelangjende argyftsjinst of gemeente/wetterskip. Om dy reden steane der op de side ek adressen, kontaktpersoanen en iepeningstiden fan de argyftsjinsten, of gemeenten/wetterskippen. As jo de side brûke, sille jo bytiden sjen dat noch net alles der op stiet.

Fierders kinne jo op de side ek ynformaasje fine oer aktuele ûntjouwings (ûnder it knopke Nieuws) en oer skiednis (ûnder it knopke Geschiedenis) fan de gemeente of it wetterskip dêr't jo hinne swalke binne. Ta beslút jout de side jo mooglikheden (fia keppelings) om troch te swalkjen nei oare nijsgjirrige siden.

As jo dat wolle, kinne jo fia e-post fragen stelle oan de ynstânsjes dy't meidogge.